"Een bouwwerk dat ons herinnert aan de ingrijpende periode tussen 1940 en 1945"

ANBI

Sûnt 1 jannewaris 2019 is Stichting Bunker Koehoal (RSIN: 820949115) in saneamde kulturele ANBI. Dit betsjut dat jeften oan de stichting yn mindering komme kinne op it belestber ynkomen. Omdat der sprake is fan in kulturele ANBI, mei de jefte ferhege wurde mei 25%.

Doelstelling

It behâlde, yn stân hâlde en it foar publyk tagonklik hâlde fan de bunker te Koehoal by Tsjummearum, as streekbûn histoarysk objekt.

Beliedsplan

It op syn minst twa wykeinen yn it jier de bunker iepenstelle foar publyk. Tidens it iepenstellen sil wurke wurde mei in foar in part permaninte útstalling en foar in part mei hieltyd ôfwikseljende ûnderwerpen mei in relaasje mei WOII. Dernjonken is de bunker ûnderdiel fan it kultuerprogramma foar basisskoallen yn de gemeente Waadhoeke. Learlingen kinne yn groepen op ynteraktive wize yn de kunde kommen mei de perioade 1949-1945.

Ynkomsten en fermogen

De stichting krijt gjin subsydzje fan de gemeente. De ynkomsten komme út de yntreejilden tidens de iepen dagen en de bydragen út it kultuerprogramma foar de basisskoallen. Op fersyk wurde sa no en dan bydragen fan tredden krigen om projekten útfiere te kinnen. It fermogen fan de stichting is lyts. It bestjoer besiket in foarsjenning te foarmjen en yn stân te hâlden foar ûnderhâld en ûnferwachte útjeften.

Beleaningsbelied

Bestjoer en frijwilligers krije gjin fergoeding foar harren wurk. Mooglike kosten kinne wol foar fergoeding yn de beneaming komme.

Aktiviteiten

De lêste jierren is de bunker hieltyd twa kear in wykein iepen west, om 5 maaie hinne en mids septimber. Nei de covid-perioade binne ferskate groepen learlingen fan it basisûnderwiis ûntfongen.

Eksploitaasjeoersjoch 2023